It Waar fan 26 septimber 2012

Foarútsjoch:
We krije wer in dei mei soms pittige buien en kâns op tonger. Geregeld komt de sinne foar 't ljocht en binne der droege perioaden. De temperatueren komme te lizzen om de 16 graden. De wyn út it westen oant súdwesten wurdt matich, yn 'e kustgebieten krêftich. Yn 'e jûn ek in tal buien.

Freed is in wat bettere dei mei heechút in inkelde bui. It wurdt sa'n 15 graden, mei geregeld de sinne dêrby. Sneon en snein lizze de temperatueren om de 15 graden en hâlde wy buien of perioaden mei rein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)