It Waar fan 26 juny 2012

Foarútsjoch
We krije in dei mei bewolking en rein, mar stadichoan wurdt it droech mei in de middei mear en mear romte foar de sinne. De temperatueren komme te lizzen om de 19 graden. De wyn skift nei it westen en wurdt matich.

Letter yn de wike simmerwaarmte mei op tongersdei en freed temperatueren om de 23 of 24 graden. It bliuwt lykwols net folslein droech. Woansdei hawwe wy te krijen mei reinwetter, mar op freed, sneon en snein komme der buien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)