It Waar fan 26 augustus 2013

Foarútsjoch
It wurdt in moaie dei mei romte foar de sinne en ek wat ûnskuldige wolkjes. De temperatueren komme te lizzen om de 22-23 graden hinne. De wyn is meast matich en komt út it noardeasten. Yn 'e nacht dy folget krije wy opklearrings en komme de minimumtemperatueren te lizzen tusken de 11 en 13 graden.

Fanwege in hegedrukgebiet krije wy de kommende wike stabyl en droech waar. It leit mei it sintrum boppe Noarwegen en krijt stadichoan meiwurking fan in grut en krêftich hegedrukgebiet boppe de Atlantyske Oseaan. It soarget der foar dat wy oant 'e mei it ein fan de wike hast gjin bewolking en gjin delslach krije. De temperatueren binne prima om de 22 graden hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)