It Waar fan 24 july 2013

Foarútsjoch
Droech waar mei geregeld sinneskyn en simmerwaarmte. Temperatueren om de 26 oant 27 graden hinne. In swakke oant matige west- oant súdwestlike wyn. Yn 'e nacht sa'n 17 oant 18 graden.

Freed oerdeis droech waar en 27 oant 30 graden. Op 'e jûn en yn 'e nacht tongerbuien. Yn it wykein krije we tige waarm simmerwaar. Sneontejûn en -nacht in (tonger)bui. Snein in bui en yn 'e nacht opnij inkelde (tonger)buien. Begjin nije wike ek noch altyd simmersk waarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)