It Waar fan 21 augustus 2014 18:15

Foarútsjoch:
Freed krije wy in soad rein en buien en yn de buien ek tonger. It is wiet mei sa'n 15 mm delslach. De temperatueren lizze om de 17 graden. De wyn út it westen oant súdwesten wurdt matich oant krêftich. De kommende dagen hâlde wy aktive buien, bytiden mei tonger en in soad rein yn koarte tiid. It kwik komt te lizzen om de 17 graden hinne.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)