It Waar fan 21 augustus 2013

Foarútsjoch
We begjinne tongersdei mei de sinne en droech waar, it wurdt sa'n 23 graden. Yn 'e rin fan de de moarn wurdt it bewolkt en krije we inkelde buikes. Yn de jûntiid is it wer droech en krije wy de sinne noch efkes te sjen. De temperatueren lizze dan om de 20 graden hinne. De wyn út it easten oant súdeasten wurdt swak oant matich.

Freed wurdt it waarmer mei temperatueren om de simmerske wearde fan 25-26 graden. Sneon wurdt it 24-25 graden mei sinneskynwaar, yn 'e neimiddei of jûntiid krije wy in pear buikes. Fan snein ôf wurdt it wiet en wikselfallich mei in soad buien en temperatueren fan 20 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)