It Waar fan 19 septimber 2012

Foarútsjoch:
Bewolkt waar mei yn it Waadgebiet en yn it noardlike part fan de provinsje bytiden rein of yn bytsje rein. It súdlike diel fan de provinsje liket droech te bliuwen. Oerdei 15 of 16 graden. Der steit in krêftige súdwestlike wyn, yn it Waadgebiet bytiden hurd. Jûns en yn de nacht allinnich yn it Waadgebiet noch in oantal buien. It bliuwt flink waaien. Freed meast bewolkt waar mei earst buien. Oerdei temperatueren om de 15 graden hinne en middeis droech waar. Jûns droech waar en opklearrings. Yn 'e nacht alwer in pear buien. Sneon moarns kâns op in buike, fierder droech waar mei in soad sinneskyn en maksima om de 16 graden hinne. Snein efkes sinne en oerdei 17 of 18 graden. Op 'e jûn en yn 'e nacht inkelde reiin- of tongerbuien. Yn it begjin fan nije wike buiich waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)