It waar fan 19 oktober 2013

It is sneon earst moai sinneskynwaar en de temperatueren rinne op nei 15-16 graden. Fan 'e middei en jûn wurdt it bewolkter mei in pear buien. De wyn út it suden oant súdeasten wurdt matich oant frij krêftich oan see.

Sneontejûn en -nacht berint de loft en falle der inkelde buien. Snein mear buien en sa no en dan wat sinneskyn by 17 graden. Moandei wurdt in grize dei mei sa út en troch wat lichte rein of storein by 16 graden. Tiisdei droeger waar, mar woansdei folgje opnij buien. It wurdt dy dagen 16 oant 17 graden.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)