It Waar fan 19 novimber 2012

Foarútsjoch
Tiisdei hâlde wy it droege waar en it is wikseljend bewolkt. Dat betsjut lykwols net dat de sinne net foar 't ljocht komt. Dy kin likegoed noch wol efkes derby komme. De temperatueren komme om de 10 graden hinne te lizzen by in matige oant frij krêftige súdlike wyn. Woansdei krije wy wat rein, tongersdei en freed meast droech. It bliuwt 9 graden, by in matige oant frij krêftige súdlike wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)