It Waar fan 16 febrewaris 2014 18:09

Snein buien of buikes en noch kâns op wynstjitten. Ek sinneskyn by sawat 8 of 9 graden. Foaral middeis de sinne derby. In matige oant krêfige westlike oant súdwestlike wyn. Yn 'e nacht frij helder en rêstich waar en likernôch 1 of 2 graden. Op in soad plakken froast oan de grûn. Kâns op glêdens.

Moandeitemoarn kâns op glêdens. Meast bewolkt waar en temperatueren om de 7 graden hinne. In matige súdlike oant súdwestlike wyn. Yn 'e nacht ek droech waar en in soad bewolking.

Tiisdei in soad bewolking en wat rein. Woansdei ek in protte bewolking, mar ek sinneskyn en meast droech waar. Tongersdei reinich waar en sawat 8 of 9 graden. Freed in hurde wyn en buien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)