It waar fan 15 july 2013

Foarútsjoch
It wurdt in moaie, simmerse dei mei sinneskynwaar en weinich bewolking. De temperatueren komme te lizzen tusken de 22 en 26 graden. De wyn is dêrby swak en komt út it noardwesten oant noardeasten.

Woansdei en tongersdei bliuwt it simmers mei 24 of 25 graden op 'e thermometer en pleatselik 26 graden in it súden fan de provinsje. Freed en sneon út en troch de sinne, mar ek mear bewolking, it wurdt dan san 22 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)