It Waar fan 13 maart 2013

Foarútsjoch: Tongersdei meast droech waar en geregeld de sinne. Benammen yn it Waadgebiet inkelde sniebuikes. Yn 'e nacht temperatueren om de -6 of -7 graden hinne. Freed noch wintersk mei oerdeis temperatueren om de 2 of 3 graden hinne en nei alle gedachten droech waar. Jûns en nachts snie. Yn it Waadgebiet en de oare kustgebieten mooglik izel en rein. Yn it wykein: sneon in protte rein en snie. Oerdeis sawat 4 graden en in krêftige of hurde súd- oant súdeastewyn. Snein reinich waar en sawat 6 of 7 graden.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)