It Waar fan 12 novimber 2016 18:10

Snein earst it lân yn op plakken glêd en autoruten skraabje. Oerdei bewolking, mar ek de sinne der by. Oerdei 5 of 6 graden. In swakke oant matige wyn út súd oant súdeast. Op 'e jûn en yn 'e nacht sa'n -1 en -2 graden. In soad bewolking, mar it bliuwt drûch. Moandei drûch, geregeld sinne en oerdei 6 of 7 graden. In matige oant frij krêftige wyn út súd oant súdwest. Op ' e jûn drûch en yn de nacht rein.

Diel dit berjocht op:

It Waar

Piet Paulusma praat ús by oer it aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei sneon om 17.30 oere.
(advertinsje)