It Waar fan 12 maart 2013

Foarútsjoch: Tongersdei meast droech waar en geregeld de sinne. Benammen yn it Waadgebiet inkelde sniebuikes. Yn 'e nacht temperatueren om de -6 of -7 graden hinne. Freed noch wintersk mei oerdei temperatueren om de 2 of 3 graden hinne en wierskynlik droech waar. Jûns en yn 'e nacht snie. Yn it Waadgebiet en de oare kustgebieten mooglik izel en rein. Yn it wykein: sneon in protte rein en snie. Oerdei sa'n 4 graden en in krêftige of hurde súd oant súdeastewyn. Snein reinich waar en sa'n 6 of 7 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)