It Waar fan 12 july 2013

Foarútsjoch
It is earst bewolkt mar it fanmiddei krije wy sinneskynwaar mei wat stapelwolken. De temperatueren binne prima en komme te lizzen tusken de 19-20 op it strân en de Waadeilânnen en oant 21-22 graden yn de rest fan de provinsje. De noardwestelike wyn wurdt swak oant matich.

Sneon en snein geregeld de sinne en temperatueren tusken de 20 en 22 graden. Kommende wike wurdt it waarmer mei sinneskyn en droech waar op moandei en tiisdei. De temperatueren komme te lizzen om de 23-24 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)