It Waar fan 12 augustus 2014 18:15

Foarútsjoch:
Ut en troch sinne, mar toch ek wer inkelde buien. Dit binne noch hieltiid buien mei tonger en soms flink wat rein. Oerdeis wurdt it 19 oant 21 graden. De west oant súdwestlike wyn is matich. Boppe de marren, yn 'e kustgebieten en op it Waad krêftich.

De kommende dagen hâlde wy perioaden mei buien of buikes. Oerdeis geregeld de sinne en ek droege mominten. De temperatueren komme te lizzen om de 19 of 20 graden. De wyn komt dizze dagen út west oant súdwest en is matich oant krêftich, allinich freed en sneon út it westen oant noardwesten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)