It Waar fan 12 april 2014 18:10

Snein earst de sinne derby. Letter op 'e moarn tanimmend bewolkt. Yn 'e rin fan 'e middei en op 'e jûn wat rein. Oerdeis sawat 12 oant 14 graden. In matige oant frij krêftige west oant súdwestewyn. Yn it kust- en Waadgebiet letter fan 'e middei tanimmend krêftich.

Moandei in soad bewolking, mar ek sinneskyn. Sawat 12 of 13 graden. Tiisdei sinneskynwaar en likernôch 11 of 12 graden. Woansdei droech waar mei geregeld de sinne derby en sawat 14 of 15 graden. Tongersdei oerdeis ek noch droech waar en 15 of 16 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)