It waar fan 11 july 2013

Foarútsjoch
We starte mei bewolking en mooglyk earst út en troch wat storein. Fanmiddei wurdt it meast droech en komt de sinne stadichoan foar 't ljocht. It kwik rinnt dêrby op nei 19 of miskien pleatselik 20 graden, by in swakke oant matige noardelike wyn.

Sneon en snein geregeld de sinne en temperatueren tusken de 20 en 22 graden. Kommende wike wurdt it waarmer mei sinneskyn en droech waar op moandei en tiisdei. De temperatueren komme te lizzen om de 23-24 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)