It Waar fan 11 april 2013

Foarútsjoch: Freed earst droech mar yn 'e middei wer reinich waar by 11 graden. De súdwester is dan matich oant frij krêftich oan see. Yn 'e nacht nei sneon inkelde buien by 4 graden. Sneon knapt it waar flink op en komt der sinneskynwaar, mar der bliuwt kâns op in buike. De temperatueren komme te lizzen op 11 of 12 graden. Snein wurdt it sa'n 17 graden mei moai, sinneskynwaar by in matige súdlike wyn. Moandei en tiisdei ferrinne ek droech mei sinneskynwaar by 15 of 16 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)