It Waar fan 1 maart 2014 18:10

It wurdt snein in moaie dei mei sinneskynwaar. De temperatueren komme te lizzen tusken de 8 en 10 graden. De wyn is matich oant krêftich (6 Bft) oan see, út it suden oant súdwesten. Op 'e Waadeilannen mooglik in bui.

Moandei earst sinneskynwaar, letter út it westen wei rein. De temperatueren lizze om de 9 graden hinne, by in matige oant frij krêftige súdlike wyn. Tiisdei droech waar by 9 graden. De dagen dêrnei sinneskynwaar. De temperatueren gean omheech nei 12 of 13 graden op freed en sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)