It Waar fan 1 febrewaris 2014

Sneontemoarn rein út it westen wei. Oerdeis giet it kwik omheech nei sawat 7 graden. De wyn is krêftich oant hurd en komt út it suden oant súdwesten. Ut it westen wei opklearrings en sinneskyn. Jûn en fannacht opklearrings by 1 of 2 graden.

Snein droech waar mei geregeld sinneskyn. Oerdeis sawat 5 graden. In matige oant krêftige súdlike oant súdwestlike wyn. Yn 'e nacht temperatueren om it friespunt hinne en op guon plakken glêd.

Moandei droech waar mei sinneskyn en sawat 2 of 3 graden. Nachts sawat +1 of 0 graden. In matige oant frij krêftige, kâlde eastewyn. Tiisdei in matige oant frij krêftige sudewyn. Oerdeis likernôch 5 graden en de sinneskyn. Yn 'e nacht 1 of 2 graden. Woansdei in pear buien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)