It Polytburo fan 6 desimber 2016 18:45

Te gast, jûn yn It Polytburo, is VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries. Se stiet op nûmmer 18 as heechste Fries op de VVD-list foar de kommende ferkiezings, moarn wurdt de list definityf. Aukje de Vries (1964, Ljouwert) sit no fjouwer jier yn de Twadde Keamer, mar wat hat se yn dy jierren foarinoar krigen? En mear yn it bysûnder: wat hat se foar Fryslân foarinoar krigen? En slút se gearwurking mei de PVV út?

Diel dit berjocht op:

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Radio iconUtstjoering: Alle moandeis om 18.45 oere
(advertinsje)