It Polytburo fan 25 oktober 2016 18:45

Gast yn It Polytburo jûn is FNP-er Marten van der Veen. Yn syn gemeente Achtkarspelen spile dizze simmer in bestjoerskrisis. It kolleezje fan b. en w. moast opstappe, en de grutste partij, Van der Veen syn FNP, kaam net werom yn it nije kolleezje. In djip teloarstelde Marten van der Veen rekke syn baan as wethâlder kwyt. Yn It Polytburo prate Andries Bakker en Eric Ennema mei him. Wat is der misgien? En wat ferwyt Van der Veen himsels?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)