It Polytburo fan 13 septimber 2016 18:45

Tiisdei 13 septimber, de earste ôflevering fan it nije politike telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân: It Polytburo. Presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema ûntfange de Ljouwerter wethâlder Harry van der Molen yn de studio. Van der Molen stiet achtste op de kandidatelist fan it CDA, wêrmei't in plak yn de Twadde Keamer in wissichheid liket. Dochs is Van der Molen noch mar twa jier wethâlder yn Ljouwert, en de fraach is oft hjir sprake is fan kiezersbedroch. In stevich petear mei Harry van der Molen yn It Polytburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)