It Polytburo fan 11 oktober 2016 18:45

De gast hjoed yn It polytburo is CDA-steatelid Teus Dorrepaal. Hy ferset him tsjin it útstekken fan de reinbôgeflage op it Provinsjehûs. De flage is út solidariteit mei de homomienskip, mar neffens Dorrepaal is it Provinsjehûs net bedoeld as platfoarm foar allerhanne groepearings, al hoe goed bedoeld ek. Dat stânpunt kaam Dorrepaal op in soad krityk te stean. Sels syn eigen partij hat de reinbôgeflage hjoed yn top, op it partijburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)