It paad werom fan 17 april 2012

Nijefurd 1984, siik fan weryndieling
Ek yn 1984 wie der yn Fryslân in weryndieling fan gemeenten. Doe barde it fan boppen ôf. Himmelumer Aldefurd moast troch mei Warkum, Starum en Hylpen. Mar doe't Jan van der Meer op 2 jannewaris 1984 as nije boargemaster de gemeente ynkaam, koe hy yn twa auto’s stappe, in Warkumer wein en in Koudumer. Jierrenlang ha dy beide plakken fochten oer wa’t it haadplak wurde moast. Pas no fertelle de noch libjende riedsleden wat har allegear oandien waard. Troch de ynwenners, mar foaral troch elkoar. Sjantaazje, bedrigings, selden gie polityk sa fier. En wat sizze se no? Dit hie net wêze moatten. Nijefurd gie hiel kûm de nije gemeente Súdwest-Fryslân yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)