It paad werom fan 10 april 2012

Richtsje Wassenaar-Boelstra. It liket in gewoane namme, mar dizze boerinne fan Jelsum wie net gewoan, mar hiel bysûnder.
Boere-adel. Se wie troud mei Jan Wassenaar, de foarsitter fan it Fries Rundvee Stamboek (FRS), mar doe't dy stoar yn 1958 sette sy de fokkerij troch en wie oant har dea yn 1969 de keninginne fan de fokkerij. Se kriich sels de sjah fan Perzië op besite.

In fokkerij dy't nei har dea hiel oars waard, doe moast er mear rendemint as moaiens fan it fee komme.

Richtsje Wassenaar-Boelstra bliuwt bestean troch de stifting, dy't se mei har suster oprjochte hat, de Boelstra-Olivier Stifting. Dy't no noch subsydzjes jout oan kultuer en lânbou yn de hoeke fan Jelsum en Stiens. Yn dit programma ek in moaie rûngong op de âlde pleats fan Richtsje Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)