It paad werom fan 1 maaie 2012

Frysk is yn Fryslân altyd in ekstra elemint yn diskusjes. Mar dy diskusjes setten pas echt útein nei Kneppelfreed. Doe't dat ek net folle opsmiet kaam der yn 1962 in nije partij dy't, njonken in tal oare saken, benammen dat Frysk op de aginda stean hie.

Earste foarman waard Jan Bearn Singelsma, ûnderwizer oan de lânbouwinterskoalle yn Ljouwert, amateurfilmer, aksjefierder, federalist. En Jan Bearn Singelsma gie de striid oan mei de oare bestjoerders en waard stipe troch it feit dat hy in redenryk man wie. Mar tagelyk ek de man dy't de FNP syn programma, syn gesicht joech.
It libben fan Jan Bearn Singelsma oan de hân fan syn eigen filmkes en tinzen.

útstjoering 22 novimber 18.30 oere

Diel dit berjocht op:
It paad werom

It paad werom

Tiisdei 10 april werhellet Omrop Fryslân de twadde rige fan It paad werom oer saken en minsken út it ferline. Ek wer net yn in te fier ferline, der moat noch oer praat wurde kinne troch de minsken dy't hjoed-de-dei libje. Dat, tegearre mei in soad bylden út it ferline, makket It paad werom ta in spesjale belibbing. Dy filmkes komme wit wer wei. Sa is it âlde filmargyf fan it PEB iepenbier wurden, der bin ek films fan de belutsenen sels en in ryk ferskaat komt út it Fries Filmargyf, dat der hieltyd better yn slagget om de âlde films te rubrisearjen en digitalisearjen. Acht programma's binne der makke mei in rom ferskaat. Dizze rige waard earder útstjoerd yn novimber en desimber 2011.
(advertinsje)