Hynstekeuring fan 10 jannewaris 2015 08:30

It Frysk Hynder stiet 8, 9 en 10 jannewaris 2015 wer yn de ‘spotlights’ by de jierlikse hynstekeuring fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ yn Ljouwert. Sneon 10 jannewaris stjoert Omrop Fryslân de keuring fan de stamboekhynsten live út op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl, fan 8:30 oere ôf.

By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator
Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en ek foar de earste kear mei Dútsk kommentaar. Njonken de keurings binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Trije jier efterinoar waard ‘Norbert 444’ de grutte kampioen, mar hokker hynst sil op 10 jannewaris de titel bemachtigje? Dat wurdt tusken 17:00 en 17:30 oere bekend.

Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)