Hynstekeuring 11 jannewaris 2014

It Frysk Hynder stiet tusken 9 en 11 jannewaris 2014 wer yn de ‘spotlights’ by de jierlikse hynstekeuring fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ yn Ljouwert. Sneon 11 jannewaris stjoert Omrop Fryslân fan 8:30 oere ôf de keuring fan de stamboekhynsten live út op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl. De jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Dit jier is it in bysûndere edysje fanwege it 135-jierrige bestean fan it stamboek. Dêrom sil Prinses Beatrix sneontemiddei as earegast by de hynstekeuring oanwêzich wêze. Ek de wrâldferneamde skriuwer Dan Brown en syn frou binne te gast by de keuring.

Hynstekeuring Live
Sneon 11 jannewaris fan 8:30 oere ôf op www.omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje.
Sjoggers kinne reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK2014.
Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.

Diel dit berjocht op:

Omroplive.nl

Omroplive.nl is it temakanaal fan Omrop Fryslân op ynternet. Op www.omroplive.nl kinne je altiten live nei Omrop Fryslân tv sjen. Dêrnjonken biede wy op dit temakanaal ek geregeld oare saken oan.
(advertinsje)