Hynstekeuring

Hynstekeuring ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’ op Omroplive.nl en televyzje

Omrop Fryslân stjoert op freedtejûn 11 en sneon 12 jannewaris rjochtstreekse bylden út fan de hynstekeuring fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ yn Ljouwert. It showprogramma op freedtejûn is tusken 19:30 en 23:00 oere live te folgjen op de ynternetstjoerder Omroplive.nl. De hynstekeuring op sneon is fan 8:30 oere ôf live te sjen op Omroplive.nl en op Omrop Fryslân Televyzje. Sjoggers kinne sneon ek reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter #HK2013.

By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch in presintator fan Omrop Fryslân en in saakkundige fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers binne de bylden op ynternet ek te folgjen mei Ingelsk kommentaar.

De jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Foar in soad leafhawwers (út binnen- en bûtenlân) fan it Frysk Hynder is de hynstekeuring in jierliks hichtepunt. It evenemint begjint op tongersdei 10 jannewaris en hat freed in dei fol aksje mei ûnder oaren ferskate clinics en in showjûn. It showprogramma begjint freed om 19:30 oere en fan dan ôf is de Omrop der live by op ynternet. It programma bestiet út spektakulêre shows út binnen- en bûtenlân, mei ûnder oaren Roemeenske opera, in Hongaarske postkoets, Sweedsk talint en de kampioenen fan 2012. Ek wurdt dizze jûn bekend makke wa’t de ferkiezing ta ‘Hynder fan it jier 2012’ wûn hat.

Sneon 12 jannewaris wurde de stamboekhynsten keurd, mei as hichtepunt de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst 2013’. Sil ‘Norbert 444 Sport’ op ‘e nij mei de titel nei hûs gean, of komt der in nije kampioen? By Omrop Fryslân is de hynstekeuring live te folgjen fan de showjûn ôf oant en mei de finale.

Hynstekeuring Live

- Freed 11 jannewaris fan 19:30 oant 23:00 oere op www.omroplive.nl.

- Sneon 12 jannewaris fan 8:30 oere op www.omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje.

- Sneon 12 jannewaris tusken 12:00 en 13:00 oere kompilaasje fan showjûn op Omrop Fryslân Televyzje.

Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)