Hjoed Ekstra fan 29 jannewaris 2013

Ekstra Hjoed oer troansôfstân keninginne Beatrix

Omrop Fryslân stjoert jûn in ekstra Hjoed út yn ferbân mei de oankundige troansôfstân fan keninginne Beatrix.
Mei keningshûskenner Bearn Bilker sjogge wy nei bysûndere bylden dy't de ôfrûne tritich jier makke binne fan besites dy't de keninginne oan Fryslân brocht hat. Hoe wie de relaasje tusken Fryslân en keninginne Beatrix? Hoe sil de relaasje tusken ús en de nije kening Willem-Alexander wêze?

Hjoed Ekstra om 17.10 oere en fan 18.30 oere ôf alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)