Hjoed ekstra fan 28 maart 2013 16:00 oere

  • Hjoed ekstra rjochtsaak Vaatstra

Hjoed Ekstra fan 28 maart 2013 16:00 oere

Foarútblik op 26 en 27 maart en tongersdei 28 maart de hiele dei ferslach

Tongersdei 28 maart is de ynhâldlike behanneling fan de rjochtsaak Vaatstra. Yn de nijsútstjoerings, Omrop Fryslân Aktueel en Hjoed, jout Omrop Fryslân dêr dy dei in soad omtinken oan. Trije ferslachjouwers: Harm Weistra (Radio), Auke Zeldenrust (Televyzje) en Onno Falkena (Ynternet en Twitter) folgje de saak.

Op tiisdeitejûn 26 maart is der yn Hjoed in oersjoch te sjen fan wat der oant no ta allegearre bard is oangeande de saak Vaatstra. Woansdei 27 maart sjocht Omrop Fryslân yn Hjoed foarút op de saak mei as gast advokaat Bart Canoy.

De rjochtsaak Vaatstra begjint tongersdeitemoarn om 9:30 oere en de Omrop docht op de radio alle hiele oeren yn de nijsbulletins ferslach fan de stân fan saken. Fansels ek yn Omrop Fryslân Aktueel, tusken 12:00 en 13:00 oere en tusken 16:00 en 18:00 oere.

Op Omrop Fryslân Televyzje binne der ekstra Hjoed-bulletins te sjen fan 12:00 oere ôf, dêrby wurdt ek live skeakele nei de rjochtbank. Op alle hiele oeren is der in update mei de nijste ynformaasje. Jûns yn de Hjoed-útstjoering fan 18:00 oere is in wiidweidige weromblik te sjen op de proses-dei. De útstjoering wurdt alle oeren werhelle.

Fia Twitte https://twitter.com/redomropfryslan en op de site www.omropfryslan.nl is de hiele dei troch it lêste nijs út de rjochtbank te folgjen.

De rjochtsaak Vaatstra
Tiisdei 26 en woansdei 27 maart in foarútblik yn Hjoed, fan 18:00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Tongersdei 28 maart de hiele dei te folgjen op Omrop Fryslân Radio 92.2FM, Ynternet en Twitter en fan 12:00 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)