Hjoed Ekstra fan 28 jannewaris 2013

Omrop Fryslân jout moandeitejûn om 19.00 oere wiidweidich omtinken oan de taspraak dy't Keninginne Beatrix dan hâlde sil. Neffens ANP en RTL sil de Keninginne yn dy taspraak bekend meitsje dat sy ôfstân docht fan de troan.

Yn de Hjoed-studio sille Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma en boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân reagearje op de taspraak fan de Keninginne, dy't no tongersdei 75 jier wurdt. Omrop Fryslân sil de taspraak yntegraal útstjoere op radio en televyzje.

Diel dit berjocht op:

Hjoed Ekstra

Op mominten dat it nijs hjir oanlieding ta jout besiket Omrop Fryslân sa gau mooglik mei in ekstra útstjoering fan Hjoed te kommen.
(advertinsje)