Hea! fan fan 24 novimber 2012

  • Atelier Koldewijn yn Hylpen

It is wer de tiid fan Sint en Pyt en de pipernuten en sûkeladeletters. Paul Koldewijn hat yn Hylpen in winkel fol sûkeladeguod, dat hy sels makket of wêr't hy sjen lit hoe't je wat fan sûkelade meitsje kinne. Ek sûkeladeletters fansels. En hoe leuk is it dan om as je jierdei binne op je bernefeestje sels sûkeladeltters te meitsjen.

Frou Sikkema fan Noardburgum is dan wol krekt 95 jier, mar se is noch altyd hiel sportyf en goed fanatyk! Eltse tiisdei rint se nei it doarpshûs om dêr mei oare senioaren te koersbaljen. Frou Sikkema is de âldste fan it stel, mar hat noch regelmjittich de heechtste skoare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)