Hea! fan 9 oktober 2014 18:20

Janne en Mikal binne noch mar 7 jier en stappe no al yn it houliksboatsje. Alle bern út harren klasse fan CBS de Bining yn Westergeast binne útnoege yn it gemeentehûs fan Kollum. Sy meie der by wêze as Janne en Mikal 'ja' tsjin elkoar sizze. En dat is fansels hiel spannend. Guon ha der sels net fan sliepe kinnen.

En Hea! seit goeie op de merk fan Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)