Hea! fan 9 novimber 2016 17:35

Frans Zwaagstra, ek wol bekend as boer Frans fan 'Man bijt Hond' is slim siik. Frans is 50 jier en hie syn libben lang noch noait by in dokter of yn in sikehûs west. Mar doe't er thús siker en siker waard, moast hy dochs yn it sikehûs opnaam wurde. Yntusken is Frans wer thús, mar mei minne foarútsichten. Hea! socht de eigensinnige boer thús op en prate mei him oer sykte, syn libben, leauwen en syn takomst.

Boer Frans

Boer Frans fan De Westereen is slim siik, mar wer thús út it sikehûs nei in opname fan 12 dagen. Syn foarútsichten binne soarchlik, mar Frans sit fol plannen oer wat er allegearre noch wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)