Hea! fan 9 novimber 2011

Seehûnen ferhuzje 

De seehûnefamylje yn Aqua Zoo Friesland is ferhuze. Heit, mem en de twa bern hawwe in nij ûnderkommen krigen mei in echt strân en dunen der om hinne. Yn it nije bassin sit moai helder wetter, sadat it publyk de bisten ek ûnder wetter swimmen sjocht. Juster binne se ien foar ien fan it âlde nei it nije plak brocht. Mannen mei fangnetten en de learzens oan gongen op jacht, mar de seehûnen lieten har net sa maklik fange...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)