Hea! fan 9 maaie 2013

  • In jonge emoe

Yn Eastersee racet Mart Boven op syn fytske oer it hiem en troch de skuorre. Dêr is syn heit mei it serieuzere wurk oan de gong. Hy makket, restaurearret en ferkeapet Harleymotors. (foar mear ynfo sjoch www.hadee-store.nl)

Op it Popstaslot yn Marsum is masterskilder Jilt Heidstra oan it wurk. Hy soarget derfoar dat der wer in nij laachje blêdgoud op de wapenbuorden komt. Heidstra is net allinnich skilder, hy is ek noch sjonger. 'Wat in moaie dei' wol er bêst efkes sjonge op 'e trep. Behearder Prins hat it ek mar drok. Hy is dwaande mei rûnliedings....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)