Hea! fan 9 maaie 2012

Yn Hijum wurdt drok wurke oan it opknappen fan de grifformearde tsjerke. Der is gjin subsydzje foar, dus it moat dien wurde troch frijwilligers. Op it stuit stiet de toer yn de steigers, en dat bracht de âldste ynwenster fan it doarp op in idee. De 87-jierrige frou Terpstra woe wolris oer har doarp útsjen.

Yn Gaasterlân-Sleat sette guon boerebedriuwen yn 'e simmer de doaren iepen foar eltsenien dy't mar delkomme wol. Efkes buorkje by de boer sis mar. De organisaasje is drok dwaande mei de tariedings. Sa moat der ek in folder komme, mei moaie foto's fansels.
(foar mear ynformaasje sjoch www.ffboeren.nl)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)