Hea! fan 9 juny 2016 18:20

Ynstekke, tried deromhinne, trochhelje en ôfglydzje. De bern fan basisskoalle Thrimwalda fan Gytsjerk krije les yn breidzjen fan de beppes út de buert. En dat giet hartstikke goed, wylst it best wol dreech is.

Spesjale speurhûnen wurde troch harren fêste baaskes traind op fleanbasis Ljouwert. Dizze teams bliuwe foar altyd byelkoar en ha in bysûndere bân. De hûnen wurde traind om te sykjen nei eksplosiven en fjoerwapens en reizgje de hiele wrâld oer foar spesjale missys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)