Hea! fan 9 jannewaris 2013

  • Lieuwe Greidanus fan Wjelsryp

Lieuwe Greidanus fan Wjelsryp hat blau bloed! Net keninklik, mar Ford bloed... As lytse jonge ried hy al mei heit yn syn âlde molkwein. Letter hat hy krekt sa'n wein neimakke en dêr giet Greidanus no graach mei op paad. Ek thús geane je werom yn 'e tiid. De 'moaie' keamer sjocht der prachtich út, mei âlde tegeltsjes op 'e muorren, bedsteden en in âlderwetske koalekachel. De hûn hâldt him dêr selskip want dat foldocht Greidanus better as in frou.

Yn Hallum wennet échte Rowwen Hèze-fan Joute Jousma. Op in keamer boppe stiet, hinget en leit hiel wat fan dizze Limboarchske band. Dêr mei hy ek graach nei de muzyk harkje fan de Limboargers. Ek al ferstiet hy it net altyd, it giet him foaral ek om de teksten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)