Hea! fan 9 april 2015 18:20

It hat moai west. Mar o, wat sille se dit beide misse...Hielke en Nynke Atsma fan Surhuzum ha 40 jier as molkboer en -boerinne yn Surhuzum wurke. Op syn lêste suteldei sjocht Hielke werom op syn tiid as SRV-man en nimme klanten ôfskie.

‘Ik ha wat mei kninen, sa seit Marijke Taekema fan Eastermar. Bûten har oplieding bistedokterassistinte om stekt se in soad tiid yn har knine-opfang. Se hat de opfang no sân jier en se kin de fraach amper oan. Har knine-opfang wurdt noch hieltyd grutter. Mar ek fûgels en kavia’s binne wolkom. ‘De leafde foar bisten sit der gewoan yn’.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)