Hea! fan 8 septimber 2014 18:20

De bern fan groep 8 fan basisskoalle Votum Nostrum fan Wynjewâld binne dwaande om yn it Guinness Book of Records te komen en wol mei haken. Ien fan de bern is ris begûn mei haken, om't se dat leuk fûn. Geandewei binne der mear bern kommen dy't meidiene, en doe kamen se op it idee om it langste haaklint te haken en te gean foar it wrâldrekôr. Sille se dat helje?

Lytse Jan fan De Pein is in bysûndere man en in grut organisator. Hy wol alle wykeinen wol wat organisearje, oars is it skande fan it wykein. Der moat wat barre...Ein augustus wie it syn jierdei en dêr woe er ek in grut feest fan meitsje. Hy hat mear as in jier dwaande west om dit te organisearjen. Hy hat de hiele tún folboud en wy sjogge mei him werom...

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)