Hea! fan 8 oktober 2012

De meiwurkers fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld sille meidwaan oan de strontrace, dy't yn 'e hjerstfakânsje wer hâlden wurdt. Sile kinne de manlju wol, mar in skûtsje sûnder motor de haven útkrije, dat is wat oars. Under lieding fan Age Veldboom krije de manlju ynstruksjes yn it jeien en yn 'e beage rinnen.

En Gosse Hoekstra fan Appelskea sit al fan jongs ôf oan yn 'e fleantúchjes. Op souder hat hy der wol mear as 250 stean. Mar Hoekstra wurdt der net jonger op, en dan moatte je wolris wat opromje.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)