Hea! fan 8 novimber 2012

De jonges fan de ôfdieling Grien fan praktykskoalle de Brêge yn Ljouwert sille him misse. Master Olij giet fuort! Fier fuort want Olij sil ferhúzje nei Noarwegen. De jonges fine him in poerbêste learaar en ek Olij fynt it best wol dreech om fuort te gean.

Yn Noardburgum makket Daan Parmentier túnbylden bûten ûnder it ôfdak achter syn hûs. Parmentier wurket graach allinnich oan syn bylden. Hy is wolris wat ûnseker oer syn keunstwurken, mar minsken komme sels út Belgie foar syn bylden.
(www.tuinbeelden-modern.nl)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)