Hea! fan 8 maaie 2014 17:40

De famylje Anema fan Arum besiket in walibi-jong mei de flesse grut te bringen. It jong is út de buidel fan de mem fallen en mem woe it jong dêrnei net mear ha. It walibi-jong hat fan de Anema's de namme Diesel krigen en se fynt de geitemolke hearlik. En Bonny Dijkstra wurket as keunstner yn de binnenstêd fan Ljouwert. Eartiids wurke hy as lasser mar dêr is hy mei ophâlden. Hy hâldt him no de hiele dei mei de keunst dwaande. Neist syn keunst hat hy noch in grutte leafde: in hiel lyts hûntsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)