Hea! fan 8 juny 2015 18:20

By de Fûgelhelling yn Oerterp tilt it op fan de jonge fûgels. Jildau Sinnema hat it der mar drok mei. De jonge spjochten fiele har sa thús by har, se sitte by har op 'e earm. Jildau is 12 jier en hopet letter it wurk fan har mem by de Fûgelhelling troch te setten.

Wa hat de lekkerste droege woarst? Yn it jeugdhonk fan Damwâld ha se de lêste moannen in eigen droege woarstewedstryd. Alle woansdeitejûnen wurde der selskochte woarsten keurd, in stik of 30 per jûn. De woarsten moatte alle kearen by in oare slachter wei komme ... en as se net droech genôch binne, dan droegje se se sels in wike of langer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)