Hea! fan 8 july 2013

Yn de nijste Simmer-clip fan Omrop Fryslân spilet ek Wimpy de Vries fan Aldegea mei. Wimpy is nei eigen sizzen in hyperaktive man. Hy hat dan ek fan alles by it ein. Hy ûntwerpt t-shirts, hâldt geiten, hat in eigen kroech yn 'e hûs en wurket ek noch by de kringloopwinkel fan Omrin yn Drachten.

En út it Hea!argyf in reportaasje fan 3 april 2013
Jan Harmen en Joram binne gek op fiskjen. Hast alle dagen stean dizze twa freonen oan 'e wetterkant mei de angel. Se witte der ek in soad fan en wolle der ek graach wat oer kwyt, en dus kaam der in fersyk oan Omrop Fryslân as se net in fiskprogramma meitsje mochten! Yn Hea! jûn alfêst it begjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)