Hea! fan 8 jannewaris 2015 18:20

Se hearre allegear by de krystbeamklup fan de PKN-tsjerke It Anker yn Easterwâlde: Nynke, Piet, Henk en Carel. In moanne lyn ha se de krystbeam de tsjerke ynhelle en fersierd. Mar de metershege beam moat de tsjerke fansels ek wer út.

De aksje fan de Omrop foar de Voedselbank, krekt foar de krystdagen, wie in grut sukses. Mar noch hieltyd stiene de redaksje en de studio's oan it plafond ta fol mei itenspakketten. Dizze wike stiene de frijwilligers fan de Voedselbank foar har lêste monsterklus. In lytse 3000 doazen moasten noch nei de ferskate Voedselbanken yn Fryslân brocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)